Frysk foar phpBB

De software phpBB wurdt faak brūkt foar it meitsjen fan in ynternetfoarum. It makket gebrūk fan PHP en MYSQL. It pakket kin fergees delhelle wurde fan www.phpbb.com. Foar phpBB is ek in Fryske oersetting beskikber. Dizze oersetting kin standaard brūkt wurde mar it is ek mooglik om gebrūkers in kar te jaan sadat neist it Frysk ek it Nederlānsk en it Ingelsk ta de mooglikheden heard. It Fryske taalpakket kin ophelle wurde fan de ūndersteande twa ferwizings:

Om de taal te ynstallearjen pakke jo de beide boppesteande zipbestannen śt op jo kompjūter. De folsleine directory lang_frisian śt lang_frisian.zip kinne jo dan yn de directory language pleatse. Dźr stiet standaard de ingelske direktory al yn. Fan dat momint ōf kinne de gebrūkers fan it foarum kieze foar it Frysk as taal. Ek is it mooglik om yn de administraasje it Frysk as standaardtaal op te nimmen. Om ek de Fryske plaatsjes te brūken pakke jo it bestān subsilver_frisian.zip śt. Jo krije dan oppenij in direktory lang_frisian dy't opladen wurde moat, mar no nei templates/subSilver/images/. Ek dźr stiet al in lang_english dy't standaard brūkt wurdt. Jo foarum is no klear om de Fryske taal te brūken.

Om op de hichte te bliuwen fan in nije fersje fan it Fryske taalbestān kinne jo it bźste sa no en dan ris sjen op it foarum oer Fryske software. Dit is te finen op www.fryskesoftware.nl/foarum. Dit is ek fuort in demo om sjen te litten dat it wurket...