 |
Fryske Software Let's make things Frysker
|
| Ynlogge en registraasje |
Wêrom kin ik net ynlogge? It soe kinne datst ferbannen bist, as dat sa is wurdt dit tidens it ynloggen meld. Yn dat gefal kinst it bêste efkes kontakt opnimme mei de Behearder as de webmaster fan de side. Bist wol registreard en net yn de ban dien dan moatst dyn ynlochgegevens noch mar in kear goed neisjen. Soargje der ek foar dat de CAPSlock kaai op dyn kaaiboerd net oan stiet. Sjoch ek ris nei dyn eamel atst net in aktivaasjeeamel krigen hast. Nei boppe |
 |
Wêrom moat ik my eins registrearje? Registraasje jout dy tagong ta in stikmannich ekstra funksjes dy't net beskikber bin foar gasten lykas plaatsjes by dyn namme, priveeberjochten, brûkersgroepen ensfh. It registrearjen bestiet allinnich mar út it ynfolfjen fan dyn namme, eameladres en in wachtwurd. De oare gegevens binne opsjoneel. It registreren nimt dus net in soad fan dyn tiid. Nei boppe |
 |
Wêrom wurd ik automatysk útlogd? Atst Loch my automatysk yn net oanfinkst wurdst nei in bepaalde tiid automatysk útlogd. Dit is dien út feilichheidsoerwagings. Atst it fakje wol oanfinkst bliuwst ynlogt, dit is allinnich net oan te rieden op in publike kompjûter lykas op skoalle as yn in byblioteek as ynternetkafee. Nei boppe |
 |
Hoe soargje ik der foar dat myn brûkersnamme net yn de oanwêzige brûkerslyst komt? Yn dyn profyl stiet in opsje Lit net sjen dat ik oanwêzich bin, atst kiest foar ja bist allinnich te sjen foar Behearders en foar dysels. Do telst dan mei as in ferburgen brûker. Nei boppe |
 |
Ik bin myn wachtwurd kwyt! Gjin panyk! De wachtwurden kinne net ophelle wurde, wol kin der in nij wachtwurd oanmakke wurde. Om dit te dwaan moatst efkes nei de ynlochside en dêr op de Wachtwurd fergetten ferwizing klikke, folgje dan de ynstruksjes, der wurdt dan in eamel stjoerd nei it eameladres dat yn dyn profyl stiet. Nei boppe |
 |
Ik ben registrearre mar ik kin net ynlogge! Sjoch earst ris atst wol de goeie brûkersnamme en wachtwurd kombinaasje brûkt hast. At dy goed binne kinne der twa dingen mis wêze. At COPPA ûndersteuning ynskeakele is en do klikst op de Ik bin jonger as 13 jier ferwizing tidens de registraasje dan moat earst de fereaske ynstruksjes opfolge wurde. Is dat net sa dan moat dyn brûkersnamme aktivearre wurde. Guon foarums easkje dat alle nije registraasjes aktivearre wurde, soms troch dy sels, oars troch in Behearder. By registraasje wurdt dit ek meld. Atst in eameltsje krigen hast moatst de ynstruksjes opfolgje, atst gjin eamel krigen hast, bist der dan wol wis fan datst gjin ferkeard eameladres opjûn hast? In reden om aktivaasje yn te setten is om sa de mooglikheid om misbrûk fan anonime ynstjoerders foar te wêzen. Bist wis fan it eameladres nim dan efkes kontakt op mei de Behearder. Nei boppe |
 |
Ik wie eartiids registreard mar ik kin net mear ynlogge?! De meast foarkommende redens binne datst in ferkearde brûkersnamme ynfolle hast (sykje de eamel dy'tst by de registraasje krigen hast der jitris by) of de Behearder hat dyn brûkersnamme wist. Do hast faaks nea wat pleatst? It kin foarkomme dat foarums opskinne wurde wêrby't brûkers dy't neat bydrage wist wurde om de romte fan de databank te beperken. Besykje ris oppenij te registrearjen en doch mei oan in diskusje. Nei boppe |
 |
| Brûkersfoarkarren en ynstellings |
Hoe feroarje ik myn ynstellings? Al dyn ynstellings (atst registrearre bist) stean yn de databank. Om dizzen oan te passen klikst op de Profyl ferwizing (meastal boppeoan de side mar it kin ek oars). Sa kinst al dyn ynstellings oanpasse. Nei boppe |
 |
De tiid doocht net! De tiden doge meastentiids wol, mar watst sjochst binne de tiiden yn in oare tiidsône dan dy fan dy. At dat sa is moatst yn dyn profyl ynstellings dizzen oan dyn tiidsône oanpasse, bygelyks Londen, Parys, New York, Sydney, ensfh. Tink der wol efkes om dat it oanpassen fan de tiidsône allinnich kin atst registreard bist. Bist do noch net registreard dan is it no in moaie tiid om dit wol te dwaan, en ferjou ús dizze wurdboarterij! Nei boppe |
 |
Ik pas de tiidsône oan mar de tiid is noch net goed! Bisto der wis fan dat dyn ynstellings goed binne en de tiid is noch net goed dan sil dat heechstwierskynlik komme troch de 'simmertiid'. Dit foarum is net ûntwikkele om ûnderskied te meitsjen tusken wintertiid en simmertiid sadat tidens de simmermoannen de tiid in oere skele kin mei de wurklikheid. Nei boppe |
 |
Myn taal stiet net yn de lyst! De meast foarkommende reden hjirfoar is dat de Behearder dizze taal net ynstalleard hat of de oersetting fan de phpBB skripts is noch net beskikber yn dyn taal. Besykje oan de Foarumbehearder te freegjen jo taal te ynstallearjen. Bestiet dizze net dan kin dizze oersetting ek hiel ienfâldich sels makke wurde. Mear ynformaasje kin fûn wurde op de phpBB Groep thússide (sjoch ferwizings ûnderoan de side). Nei boppe |
 |
Hoe krij ik in plaatsje ûnder myn namme by myn berjochten? Der kinne twa plaatsjes ûnder dyn namme stean. De earste is in plaatsje dat mei de rang te krijen hat, meastal binne dit stjerkes as blokjes dy't oanjouwe hoefolle post der al fan jo op it foarum stean. Dêrûnder stiet in grutter plaatsje, dizze is meastal persoanlik foar elke brûker. It is oan de Foarumbehearder om dizze plaatsjes ta te stean en de kar te meitsjen út de beskikbere plaatsjes. Atst gjin plaatsjes brûke kinst is dit in kar fan de Behearder, freegje him as har nei de reden. Nei boppe |
 |
Hoe kin ik myn rang oanpasse? Gewoanwei kin dit net (dyn rang ferskynt ûnder de brûkersnamme yn bydragen en ôfhinklik fan de styl ek yn dyn profyl). Meastentiids wurdt de rang brûkt om sjen te litten hoefolle berjochten atst al pleatst hast en om guon spesjale brûkers te toanen, lykas de Masters en Behearder. Meitsje gjin misbrûk fan it foarum troch in soad ûnnoadige bydragen te leverjen om sa sneller heger yn rang te kommen. It is mooglik dat de Masters it tal berjochten ferleegje as dy in spesjale minder flijende rang oanmjitte. Nei boppe |
 |
At ik op de eamel fan in brûker klik moat ik ynlogge? It spyt ús mar allinnich registrearre brûkers meie eamels ferstjoere fia de ynboude eamelformulieren (at de Behearder dizze funksje ynskeakele hat). Dit om misbrûk fan it eamelsysteem troch anonime brûkers foar te wêzen. Nei boppe |
 |
| Bydragen leverje |
Hoe kin ik in ûnderwerp oandrage yn dit foarum? Ienfâldich, klik op de oerienstimmende knop yn it foarum as ûnderoan it skerm. Faaks moatst dysels efkes registrearje om in berjocht te pleatsen, de beskikbere mooglikheden stean yn in list ûnderoan de side. (de JDo meist nije ûnderwerpen pleatse, Do meist reaksjes pleatse ensfh. lyst) Nei boppe |
 |
Hoe kin ik in bydrage oanpasse as fuorthelje? Atst do gjin Behearder as Master bist kinst do allinnich dyn eigen berjochten oanpasse as fuorthelje. Do kinst in berjocht oanpasse (bytiden mar foar koarte tiid nei it oanmeitsjen) troch te klikken op de oanpasse knop fan de oan te passen bydrage. At der al immen iin antwurd jûn hat op dyn bydrage komt der in koarte tekst by te stean atst werom giest nei it ûnderwerp. Dit jout it tal kearen oan datst dyn bydrage oanpast hast. Dit bart allinnich at der al oaren op dyn berjocht reagearre hawwe. As Masters as Behearders dyn berjocht bywurke hawwe komt dit der net by te stean (Hja soene wol efkes oanjaan moatte wat oanpast waard en wêrom). Tink der om: Gewoane brûkers kinne gjin bydragen fuorthelje neidat dêr immen op antwurde hat. Nei boppe |
 |
Hoe heakje ik in ûnderskrift ta oan myn berjochten? Om in ûnderskrift ta te heakjen oan in berjocht moatst earst in ûnderskrift oanmeitsje. Dit kin yn dyn profyl. Atst dit ienris dien hast kinst it Underskrift brûke fakje oanfinke atst wat bydrage wolst. It is ek mooglik om dizze mooglikheid yn it profyl oan te finken sadat alle berjochten automatysk mei ûnderskrift pleatst wurde (dêrnei kinst altyd sels bepale at it ûnderskrift der net by moat troch dit yn dyn bydrage út te setten) Nei boppe |
 |
Hoe meitsje ik in fraachpetearke? In fraachpetearke meitsje is hiel ienfâldich wannea'tst in nije bydrage pleatst (as it earste berjocht fan in ûnderwerp oanpast, atst dy rjochten hast). Do soedest dan eat sjen moatte lykas Heakje in fraachpetear ta ûnderoan it formulier (stiet dit der net dan silst wol gjin rjochten hawwe om in fraachpetearke te meitsjen). Do moatst earst in titel (as fraach) opjaan en minimaal twa opsjes (typ ien opsje en klik op de Heakje kar ta knop). It is ek mooglik in tiidslimyt yn te stellen foar it fraachpetear, 0 is ivich duorjende fraach. Der is in limyt op it tal opsjes, dit is ynsteld troch de Behearder. Nei boppe |
 |
Hoe kin ik in fraachpetearke oanpasse as fuorthelje? Krekt as mei gewoane bydragen kinne ek allinnich fraachpetearkes troch de eigner oanpast wurde, as troch in Master as Behearder fansels. Om in fraachpetearke oan te passen moatst de earste bydrage fan it ûnderwerp oanpasse (it fraachpetearje is dêr oan ferbûn). Salang at net ien stimt hat kin de eigner it fraachpetearke oanpasse as fuorthelje, nei dat der stimt is kinne allinnich noch de Masters en Behearders dizze oanpasse as fuorthelje. Sa kin der tidens in fraachpetear gjin ynfloed útoevene wurde op de fraach om sa de stimming te stjoeren. Nei boppe |
 |
Wêrom kin ik net yn in bepaald foarum komme? Guon foarums kin allinnich te besjen wêze troch bepaalde brûkers as groepen. Om dizze foarums te besjen, te lêzen, der yn by te dragen hast do spesjale rjochten nedich, allinnich de Masters en de Behearders kinne dy dizze tagong jaan, hifkje ris by harren. Nei boppe |
 |
Wêrom kin ik net stimme op in fraachpetear? Allinnich registrearre brûkers kinne stimme (om falsspilerij foar te wêzen). Atst do wol registrearre bist en do kinst dochs net stimme dan hast wierskynlik net de needsaaklike rjochten. Nei boppe |
 |
| Opmaak en ûnderwerptypes |
Wat is BBKoade? BBKoade is in spesjale bewurking fan HTML. Ofsto al dan net BBKoade yn dyn berjochten op it foarum brûke kinst wurdt bepaald troch de Behearder. Do kinst BBKOADE oan as úsette yn in nij berjocht. BBKoade is gelyk oan HTML, mar de tags wurde ynsletten yn rjochte haken [ en ] ynstee fan < en > en it jout mear kontrôle oer wat brûkt wurde kin. Mear ynformaasje oer BBKoade kinst fine yn de BBKoade FFS op it reaksje formulier. Nei boppe |
 |
Kin ik HTML brûke? Dat hinget der fan ôf at de Behearders dit talitte. De Behearders hawwe hjir de folsleine kontrôle oer. Atst al HTML brûke meist sille der mar in pear tags wurkje. Dit hat mei de feilichheid te krijen. Om it foarum te beskermjen sadat de opmaak net oantaasten wurdt of der oare problemen om de hoeke komme. At HTML oanstiet kinst dit útskeakelje op it reaksje formulier. Nei boppe |
 |
Wat binne emoasje ikoantsjes? Emoasje ikoantsjes binne lytse plaatsjes dy't brûkt wurde om in gemoedstastân oan te jaan. Sa betsjut :) datst gelokkich bist, :( betsjut tryst, mankelyk. De folsleine lyst mei emoasje ikoantsjes kin sjoen wurde fia it reaksje formulier. Besykje net oerdreaun folle emoasje ikoantsjes in dyn berjochten op te nimmen, hja meitsje bytiden in berjocht ûnlêsber en in Master kin dêrtroch beslute de bydrage fuort te heljen. Nei boppe |
 |
Kin ik plaatsjes pleatse? Plaatsjes kinne yndie pleatst wurde, mar der is gjin funksje om plaatsjes nei it foarum op te laden. Der kin in link makke wurde nei in besteande ôfbylding. Om de plaatsjes sjen te litten kinst gebrûk meitsje fan de BBKoade [img] tag of de HTML variant wannear't dy tastien wurdt. Plaatsjes moatte altyd eindigje op .jpg, .jpeg, .gif of .png. Nei boppe |
 |
Wat bin meidielings? Meidielings befetsje gauris wichtige ynformaasje en kin better sa gau mooglik lêzen wurde. Meidielings ferskine boppe oan yn it foarum dêr't se pleatst binne. Atst in meidieling pleatse kinst hinget ôf fan de ynstellings, dizzen binne fêstlein troch de Behearder. Nei boppe |
 |
Wat binne plakkerkes? Plakkerkes ferskine ûnder de meidielings yn it foarum en allinnich op de earste side fan in foarum. Plakkerkes bin gauris fan belang dat it wurdt oanrieden om se te lêzen. Krekt lykas mei meidielings is it de Behearder dy't bepaald wa't plakkerkes takinne kin. Nei boppe |
 |
Wat binne sletten ûnderwerpen? Sletten ûnderwerpen binne op slot goait troch in Master of Behearder. Der kin net mear antwurde wurde op sletten ûnderwerpen en ek de fraachpetearkes binne eindige. Underwerpen kinne om in ferskaat fan redens sletten wurde. Nei boppe |
 |
| brûkersfunksjes en groepen |
Wat binne Behearders? Behearders hawwe de maksimale kontrôle oer in foarum. Dizze minsken kinne alle mooglike ynstellings dwaan lykas it yn de ban dwaan fan brûkers, it meitsjen fan groepen as Masters ensfh. De Behearder kin fierder yn elk foarum foar Master spylje. Nei boppe |
 |
Wat binne Masters? Masters binne persoanen (as groepen persoanen) dy't as taak hawwe in part fan it foarum op regelmjittige basis yn de gaten te hâlden. Hja kinne berjochten oanpasse, fuorthelje as ûnderwerpen slute. Ek kinne hja ûnderwerpen oppenij iepenje, fan plak feroarje as in ûnderwerp opdiele. Faak soargje Masters der foar dat der net te folle fan it ûnderwerp ôfwykt wurdt en dat der gjin fervelende dingen pleatst wurde. Nei boppe |
 |
Wat binne brûkersgroepen brûkersgroepen bin groepen dêr't de Behearders ienfâldich bepaalde minsken bepaalde rjochten jaan kin. In brûker kin yn meardere groepen sitte en elke groep hat wer oare rjochten. Sa kin de Behearder bygelyks bepaalde minsken tagong jaan ta privee foarums ensfh. Nei boppe |
 |
Hoe kin ik by in groep komme? Om by in bepaalde groep te kommen klikst do op in groepsnamme ferwizing boppeoan de side (ôfhinklik fan de opmaak fan it foarum), do kinst dan alle groepen sjen Net alle groepen hawwe iepen tagong, guon binne besletten, wer oaren binne ferburgen. Wannear't de groep iepen is kin der in oanfraach dien wurde om ta te treden troch te klikken op de byhearrende knop. De Groepsaster moat de oanfraach goedkarre, der kin om in reden frege wurde. Lis dy del by it beslút fan in Master wannear't dizze dyn oanfraach ôfkart, dit hat in reden. Nei boppe |
 |
Hoe kin ik Master wurde fan in groep? Groepen wurde makke troch de Behearders, hja kieze ek de Masters. Wolst do in brûkersgroep opstarte, nim dan kontakt op mei de Behearder, stjoer him as har in privee berjocht. Nei boppe |
 |
| Privee berjochten |
Ik kin gjin privee berjochten ferstjoere! Hjir kinne trije redens foar wêze; do bist net registreard en / as ynlogd, de Behearder hat privee berjochten útskeakele foar it folsleine foarum as de Behearder hat de privee berjochten foar dy útskeakele. Yn it lêste gefal soedest de Behearder hifkje moatte oer it wêrom. Nei boppe |
 |
Ik krij hieltyd net winske privee berjochten! Yn de takomst komt der in list mei net winske eamels yn it privee berjochten systeem. Krijst do hieltyd net winske privee berjochten, nim dan kontakt op mei in Behearder. Dizze hat de mooglikheid om in brûker út te sluten fan it ferstjoeren fan privee berjochten. Nei boppe |
 |
Ik haw spam as raar praat fan immen fan dit foarum krigen! Wy fine it spitich dat sokke saken bart binne. It eamelformulier fan dit foarum hat in befeiliging om sokke brûkers op te spoaren. Stjoer in eamel nei de Behearders mei in folsleine kopy fan de eamel dy'tst krigen hast. Hit is dêrby hiel wichtich dat ek de "headers" meistjoerd wurde (dizzen jouwe de details fan de brûker dy't de eamel ferstjoerde). De Behearders kinne dan aksje ûndernimme. Nei boppe |
 |
| phpBB 2 |
Wa skruiw dit bulletin boerd? Dit programma (yn syn net bewurke foarm) is makke, frijjûn en is yn kopyrjocht fan phpBB Group. It is beskikber makke ûnder de GNU General Public License en mei frij distribuearre wurde; sjoch keppeling foar mear details Nei boppe |
 |
Wêrom hat phpBB ûnderdiel X net? Dizze skripts binne skreaun troch en mei fergunning fan de phpBB groep. Bisto fan betinken dat der in bepaalde funksjonaliteit taheakke wurde moat bring dan ris in besite oan de www.phpbb.com thússide en sjoch wat de phpBB Groep dêrop te sizzen hat. Stjoer gjin oanfragen nei de minsken op phpBB.com, de groep brûkt sourceforge.net om nije ideekes te ûntwikkeljen. Lês yn de foarums en sjoch at der faaks al in module útwurke is en folchje dan de útleine prosedure dêr. Nei boppe |
 |
Wa moat ik rieplachtsje y.f.m misbrûk en / as legale saken dy't fan tapassing binne op dit foarum? Do kinst de Behearder fan dit foarum om ried freegje. Atst net witst wa't dat is kinst ek de Masters om rie freegje. Krijst noch altyd gjin antwurd, freegje dan de eigner fan it domein ris (doch in whois oanfraach) as, wannear't dit in fergese tsjinst is (lykas. yahoo, free.fr, f2s.com, ensfh.), it management as misbrûkdepartemint fan dizze tsjinst. Tink der om: De phpBB Groep hat absoluut gjin kontrôle oer yndividuele foarums en is ek net ferantwurdlik foar it wa, wêr en wêrom fan dit foarum. It is net nedich de phpBB Groep om ried te freegjen y.f.m eltse saak dy't net streekrjocht ferbûn is oan de www.phpbb.com thússide of de skripts fan phpBB sels. Wannear'tst do in eamel stjoerst nei de phpBB Groep oer in tredde partij dy't dizze skripts brûkt dan kinst do koart as hielendal gjin antwurd ferwachtsje. Nei boppe |
 |
Tiiden binne yn GMT + 1 oere
|
Powered by phpBB © 2001, 2005 phpBB Group Fryske oersetting troch Thaeke.com
|