| Foarige ûnderwerp :: Folgjende ûnderwerp |
| Skriuwer |
Berjocht |
Daam dielnimmer
Lid sûnt: 24-2-2007 Berjochten: 20 Wenplak: Bitgum
|
Pleatst: 26 Febrewaris 2007 17:57 Underwerp: Frysktalich foto-album php-sql |
|
|
Ik ha Coppermine* oerset yn it Frysk. Ik sjoch ta myn fernuvering al dat it in ferhipt soad fan dit foarum wei hat, dat mooglik hie ik my de muoite besparje kinnen, mar goed, ik ha it no al dien. Coppermine is gewoan op ynternet op te heljen, de Frysktalige fariant (yn wêzen oanfolling) is by my te krijen (belje mei de Afûk, streekrjocht nûmer: 058-2343075).
De wurking fan ien en oar is te sjen op www.aldfaerserfbitgum.nl
* Coppermine is in frije Multimedia Gallery, útjûn ûnder GNU GPL (foar it tafoegjen fan it Frysk as taal kinst kontakt opnimme mei de behearder.). Coppermine hat in bulte mooglikheden is is test op de meast foarkommende platfoarms. Gean nei Coppermine Home Page om der mear oer te lêzen of om it programma op te heljen. _________________ drink net om te ferjitten mar ferjit ek net om te drinken |
|
| Nei boppe |
|
 |
Wim dielnimmer
Lid sûnt: 30-5-2006 Berjochten: 132 Wenplak: Ljouwert
|
Pleatst: 27 Febrewaris 2007 08:50 Underwerp: |
|
|
Hé Daam, goed dien!
Ik haw mar efkes in nij foarum oanmakke spesjaal foar dit programma.
Neffens my is it al wat oars as phpBB2, dus Coppermine is in weardefolle oanfolling oan de list mei Ynternet tapassings.
Coppermine sels kinst ynlade fan ôf http://coppermine-gallery.net. Is it in idee om it Fryske bestân hjir op de side te setten sadat minsken it sels ynlade kinne? Dan kinst do hjir in berjocht pleatse mei de ynstallaasje ynstruksje. _________________ ------------- ------------- |
|
| Nei boppe |
|
 |
Daam dielnimmer
Lid sûnt: 24-2-2007 Berjochten: 20 Wenplak: Bitgum
|
Pleatst: 28 Febrewaris 2007 19:17 Underwerp: |
|
|
Wim,
Dat soe faaks kinne, om't it Frysk in taaloanfolling is. Allinnich is it wol sa dat yn in pear bestannen noch in tal saken oanpast wurde moatte om dy taal ek oan te sprekken. No kin ik dy oanpaste bestannen hjir wol delsette fansels, mar it hat goed kâns dat by elke update fan Coppermine oer dy bestannen hinne skreaun wurde sil. It is dus faaks better dat ik in foech hantlieding delset om oan te jaan wat der yn hokker bestannen oanpast wurde moat. Ik sil der oer neitinke! _________________ drink net om te ferjitten mar ferjit ek net om te drinken |
|
| Nei boppe |
|
 |
COR JOUSMA dielnimmer
Lid sûnt: 10-6-2006 Berjochten: 55 Wenplak: Feanwâlden
|
Pleatst: 02 Maart 2007 10:41 Underwerp: |
|
|
| Daam skreau: |
Dat soe faaks kinne, om't it Frysk in taaloanfolling is. |
Bêste Daam,
Soe it net de koartste klap wêze dat as der in nijere ferzje útkomt, do sels dy oanpassings yn de triemmen makkest. Dan kinst sûnder yngewikkelde hantlieding op dit foarum stees de nijste taaltriem(men) sette.  |
|
| Nei boppe |
|
 |
|