| Foarige ūnderwerp :: Folgjende ūnderwerp |
| Skriuwer |
Berjocht |
COR JOUSMA dielnimmer
Lid sūnt: 10-6-2006 Berjochten: 55 Wenplak: Feanwālden
|
Pleatst: 10 Febrewaris 2009 13:12 Underwerp: tsjette of tsjetterje |
|
|
In pear jier tebek haw ik yn myn list it Ingelske 'to chat' oerset mei tsjette. It F-F-wurdboek hat dat oernaam, haw ik sjoen.
No't se my frege hawwe in 'interface' foar in webside oer te setten, kom ik dat 'chat' wer tsjin. Ik haw doe lang twifele, oft ik dat ek mei tsjetterje oersette soe. No't ik it op 'e nij bekōgje, kies ik leau ik mar foar tsjetterje.
1. tsjetterje wurdt yn ynformele betsjuttings brūkt
2. it stapke dat de Ingelsen fan praten nei skriuwen meitsje, soe itselde wźze kinne
3. boppedat is tsjetterje in besteand tiidwurd
De tsjetboks soe dan tsjetterboks wurde. |
|
| Nei boppe |
|
 |
Wim dielnimmer
Lid sūnt: 30-5-2006 Berjochten: 132 Wenplak: Ljouwert
|
Pleatst: 10 Febrewaris 2009 14:20 Underwerp: |
|
|
It kin beide neffens my. It wurdboek jout by tsjette echt de oersetting oan fan to chat.
Oer tsjetterje seit it wurdboek it folgjende:
"yninoar om tsjetterje
drok yninoar om prate, keakelje"
Dat is wol in aardige omskriuwing fan tsjette.
De websteebesiker sil it wol begripe. _________________ ------------- ------------- |
|
| Nei boppe |
|
 |
|