Fryske Software -> yndeks Fryske Software
Let's make things Frysker
 
 FFSFFS   SykjeSykje   BrûkerslistBrûkerslist   BrûkersgroepenBrûkersgroepen   RegistrearRegistrear 
 ProfylProfyl   Loch yn om dyn privee berjochten te besjenLoch yn om dyn privee berjochten te besjen   YnloggeYnlogge 

Google jo mei ôfbyldings of printsjes

 
Pleats nij berjocht   Pleats reaksje    Fryske Software -> yndeks -> Google
Foarige ûnderwerp :: Folgjende ûnderwerp  
Skriuwer Berjocht
Berend
dielnimmer


Lid sûnt: 30-5-2006
Berjochten: 137
Wenplak: Noardburgum

BerjochtPleatst: 22 Augustus 2009 16:11    Underwerp: Google jo mei ôfbyldings of printsjes Reagearje mei in kwote

Sûnt lange tiid ha ik my net mear mei it oersetten fan Google dwaande hâlden.
It frege gewoan tefolle tiid.

En ek hjoed stie it net yn myn plannen.
Mar, doe't ik efkes om in printsje sykje woe, wie dat feroare yn ôfbylding.
Der is dus gjin printsjessiker mear, en ek al haw ik dat net betocht, en dêrmei is it eins folslein wichtiger, want de oersetter dy't no mei dwaande is, hat Image oeral oersetten mei ôfbylding.
It is ek net sa dat de oersetting ferkeard is, want dêr is neat mis mei, mar yn Google waard dat fanôf it begjin oersetten mei Printsje, en dêr moatte jo je dan ek oan hâlde.

Sels kin ik dit net samar feroarje, dat moat de oersetter sels dwaan, wol ha ik in fersiik yntsjinne by Google mei wat der eins feroare moat wurde.
Dêr ha'k net sa'n hege pet fan, mar wa wit wolle se it no ris in kear dwaan.

Oersette is net maklik, al hielendal net as jo in stik oersette wêr in oare oersetter in grutste part al fan dien hat.
De Juste wurkwize is dan ek: Sjoch en lear hoe't it oersetten is, en gean dan pas oan de slach.

Mei groetnis

Berend Ytsma
ps. De oersetter of oersetters meie wol efkes in berjocht oan my jaan, sadat wy sjen kinne hoe't wy Google wêr op it juste paad krije.
_________________
Opera webloch
http://my.opera.com/ytsmabeer
KDE yn it Fryske webloch
http://fryske-kde.blog.com/
Nei boppe
Besjoch it brûkersprofyl Ferstjoer privee berjocht Ferstjoer eamel Besjoch de thússide
Wim
dielnimmer


Lid sûnt: 30-5-2006
Berjochten: 132
Wenplak: Ljouwert

BerjochtPleatst: 04 Septimber 2009 10:48    Underwerp: Reagearje mei in kwote

Ik bin wol bliid dat se it no oersetten hawwe mei ôfbylding(s) yn stee fan printsje(s), mar dat is natuerlik folslein persoanlik. Wol jammer dat it dakje op 'e o hjir en der ferjitten is.
Om in oersetting noait mear te wizigjen fyn ik wat koart troch de bocht, neat is sa wikseljend as taal, dus dat moat seker mooglik wêze.
_________________
--------------------------
Nei boppe
Besjoch it brûkersprofyl Ferstjoer privee berjocht Besjoch de thússide
Berend
dielnimmer


Lid sûnt: 30-5-2006
Berjochten: 137
Wenplak: Noardburgum

BerjochtPleatst: 04 Septimber 2009 15:52    Underwerp: Reagearje mei in kwote

Yndie is in taal hiel wikseljend, mar it Frysk hat soms meardere oplossings foar in probleem.
En it is ek moai om te sjen dat ferskillende oersetters ek de oplossings brûke.
Dêrby is Google oersetten troch Henk Wolf en dat is ek net de minste.
Hy hat hjir en dêr moaie taal brûkt en dat mei fyn ik yn eare hâlden wurde.
_________________
Opera webloch
http://my.opera.com/ytsmabeer
KDE yn it Fryske webloch
http://fryske-kde.blog.com/
Nei boppe
Besjoch it brûkersprofyl Ferstjoer privee berjocht Ferstjoer eamel Besjoch de thússide
Hindrik
dielnimmer


Lid sûnt: 30-5-2006
Berjochten: 50
Wenplak: Ljouwert

BerjochtPleatst: 14 Septimber 2009 07:50    Underwerp: Reagearje mei in kwote

Wat ik net begryp is dat der mear minsken sûnder oerlis wurkje kinne oan de oersetting fan de interface fan Google. Is dêr net in registraasjesysteem fan en in 'strange' proseduere lykas by Mozilla?
Kin elk samar dêr wat delsette?
Dat is dan wol spitich, want dan giet it krekt as by de wikipedia: elk raamt mar yn de ynformaasje om as it him net noasket.
As immen kontakten hat (foar Google Berend), dan moat dy dochs soks regelje?
_________________
Hindrik
Nei boppe
Besjoch it brûkersprofyl Ferstjoer privee berjocht
Berend
dielnimmer


Lid sûnt: 30-5-2006
Berjochten: 137
Wenplak: Noardburgum

BerjochtPleatst: 14 Septimber 2009 14:19    Underwerp: Reagearje mei in kwote

It grutte probleem is dus ek, dat eltse "gek" oersette kin foar Google.
Der hat sels ien west dy sette der Arabyske teksten yn, en om dat der wer út te krijen is net maklik.

Google seit dan "We have high confidence in our current translation, so any translation you provide will need to be manually reviewed before it goes live. To help us with this process please explain (in English) how your changes improve the existing translation."

Der binne wol mear klachten by de ferskate talen oer it systeem dat Google tapsast, mar oant no ta wol Google net omlyk.
_________________
Opera webloch
http://my.opera.com/ytsmabeer
KDE yn it Fryske webloch
http://fryske-kde.blog.com/
Nei boppe
Besjoch it brûkersprofyl Ferstjoer privee berjocht Ferstjoer eamel Besjoch de thússide
Berjochten fan ôfrûne:   
Pleats nij berjocht   Pleats reaksje    Fryske Software -> yndeks -> Google Tiiden binne yn GMT + 1 oere
Side 1 fan 1

 
Gean nei:  
Do meist gjin nije ûnderwerpen pleatse
Do meist gjin reaksjes pleatse
Do meist dyn berjochten netoanpasse
Do meist dyn berjochten net fuorthelje
Do meis net stimme op fraachpetearkes


Powered by phpBB © 2001, 2005 phpBB Group
Fryske oersetting troch Thaeke.com